Werynrjochting Hijum klear

De werynrjochting fan Hijum is klear
De werynrjochting fan it doarp Hijum yn de gemeente Ljouwerteradiel is klear. Ofrûne sneon wie de oplevering. Op guon plakken is it asfalt ferfongen troch klinkers, der binne nije ljochtmêsten pleatst, en it doarp hat twa slachbomen krigen.
Dy ferwize nei it Dockumer Lokaeltsje, de tramferbining dy't froeger troch Hijum rûn. Ek hat it doarp in nije rioelearing krigen. Op it plein yn it midden fan Hijum is in grutte kikkert fan glazuerde stientsjes oanbrocht.