Harkemase Boys winne mei 1-0

20 des 2008 - 16:36

De Harkemase Boys slute 2008 ôf mei in oerwinning fan 1-0 op WHC. Op sportpark De Bosk skoarde middenfjilder Roel van der Meulen yn de fjirde minút it winnende doelpunt.

Yn de earste helte wie it fuotbal fan de Boys somtiden sprankeljend, mar yn it twadde part wie it foar it publyk minder aardich om nei te sjen. Mei dizze oerwinning stean de Harekiten boppe-oan yn haadklasse C en binne hja de winterkampioen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)