Fûgelhelling helpt wyldopfang

De fûgelhelling yn Oerterp yn de simmer
De Fûgelhelling sil meihelpe oan it opsetten fan in wyldopfangsintrum op de Feluwe. De inisjatyfnimmer fan it sintrum wol graach gebrûk meitsje fan de kunde oer it opsetten in opfangsintrum en hat kontakt socht mei de fûgelopfang yn Oerterp.
Mooglik kinne frijwilligers fan de Fûgelhelling yn de takomst ek oan it wurk yn it nije opfangsintrum. Der wurdt earst socht nei in passende lokaasje foar in opfangsintrum op de Feluwe.