Omtinken ynbraakslachtoffers

20 des 2008 - 14:09

Minsken dy't it slachtoffer wurden binne fan in wenningynbraak krije aanst mear omtinken fan de plysje. Sa sil der tenei by de slachtoffers thús in oanjefte opnommen wurde en sil der altyd in buertûndersyk opset wurde.

Ek komt de plysje in pear wike letter nochris werom om te hearren hoe't it giet. In proef yn Frentsjer hat sa goed foldien dat it fierder ynfierd wurde sil. De plysje tinkt sa mear ynbraken oplosse te kinnen. Ek moat it de plysje sichtberder meitsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)