Nije rotonde yn gebrûk naam

20 des 2008 - 14:07

Yn Nij Beets is freedtemiddei de earste saneamde 'shared space' rotonde yn it Fryske bûtengebiet offisjeel yn gebrûk naam. Midden op it krúspunt yn de Domela Nieuwenhuiswei en de Swynswei stiet in stûke fan stiennen turfblokken.

Dy ferwize nei de skiednis fan it doarp. By it krúspunt stean gjin buorden en der is gjin belining. It ferkear moat him sels rêde, sa is de gedachte achter it begryp 'shared space'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)