Maatregels rûnwei Heech

De brêge is wer yn gebrûk
De gemeente Wymbritseradiel nimt faasjeremjende maatregels op de rûnwei om Heech hinne. Sûnt de brêge wer brûkt wurde kin, wurdt der om raak fierstente hurd riden oer de dyk. En dat wylst de situaasje folle gefaarliker is as earder.
De brêge wie in skoft ôfsletten om't it dek út it lead stiet. De gemeente fûn it te ûnfeilich. Dat is no feroare, neffens wethâlder Kanselaar fan Wymbritseradiel.