Jild foar flechtlinge-opfang

De flechtlinge-opfang yn Wytmarsum
De flechtlinge-opfang yn Wytmarsum krijt foar ien kear in stipebedrach fan 2400 euro. It jild komt fan it nije needfûns Stins. Dat needfûns is ûntstien nei de fúzje fan in tal wolwêzensorganisaasjes yn Ljouwert en Boarnsterhim.
De nije organisaasje, Welzijn Leeuwarden, beheart it fûns. Mei it jild wolle de inisjatyfnimmers fan it needfûns foarkomme dat de lêste flechtlingen yn Wûnseradiel op strjitte komme te stean.