Auto's útbaarnd yn Drachten

In ravaazje yn Drachten (foto: Jilmer Postma, 112 Gr.)
Yn Drachten binne sneontemoarn betiid op de Sint Jansberg seis auto's swier skansearre rekke troch brân. In foarbygonger ûntduts de brân en warskôge de brânwacht. Nei it blussen die bliken dat der seis auto's skea hiene.
De brân is nei alle gedachten yn ien auto begongen en dêrnei oerslein nei de oare auto's. De plysje ûndersiket de saak.