Tredde lykspul op rige Cambuur

19 des 2008 - 23:33
  • Trener Stanley Menzo

SC_Cambuur hat freed foar de tredde kear op rige lykspile. Yn eigen hûs waard it 2-2 tsjin Go Ahead Eagles. Alle goals foelen nei it skoft.

Ald-Cambuurspiler Halil Colak sette de besikers op foarsprong. Dêrnei kaam Cambuur better yn de wedstriid en waard it fia Mark de Vries en Rachid El Khalifi 2-1. Yn de lêste minút kamen de Eagles dochs noch op likense hichte troch Geoffrey Knijnenburg. Cambuur giet no as fjirde de winterstop yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)