Mear rydbewizen ynnaam

19 des 2008 - 21:25

De plysje hat yn 2008 mear rydbewizen ynnaam fan minsken dy't te hurd rieden of mei drank op achter it stjoer sieten as oare jierren. Mei-elkoar waard fan inkele hûnderten Friezen it rydbewiis ôfpakt.

De plysje makket him soargen oer de taname, benammen omdat it tal ûngelokken ek heger wurden is. By dy ûngelokken foelen 31 deaden tsjin 30 ferline jier. Om de taname te kearen sil der takom jier mear kontrolearre wurde op snelheid en alkohol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)