Mear treinen Ljouwert-Snits

19 des 2008 - 16:12

Mei yngong fan 2010 sille net twa, mar trije treinen yn 'e oere tusken Ljouwert en Snits ride. Dat is de útkomst fan in oerlis dat de provinsje mei it Ryk hân hat. De kosten fan 'e ekstra trein de oere wurde rûsd op seis miljoen euro.

Is is de bedoeling dat de provinsje en it Ryk beide de helte foar har rekken nimme. De provinsje fynt de ekstra, tredde trein winsklik, omdat it tal reizgers tusken Ljouwert en Snits hieltyd mear wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)