Rûnwei Heech wer iepen

19 des 2008 - 15:13
  • De brêge yn 'e rânewei fan Heech: stadich ride

De rûnwei om Heech hinne is wer frijjûn foar ferkear. In stik fan de dyk waard begjin dizze wike ôfsletten, fanwege problemen mei de brêge yn de dyk. Dy problemen binne noch net foarby. Dêrom mei ferkear net hurder as tritich kilometer yn 'e oere op 'e brêge ride. Boppedat mei der mar ien frachtauto tagelyk oerhinne.

Fanwege it ôfsluten fan de rûnwei waard it ienrjochtingsferkear yn it sintrum fan Heech tydlik opheft. Dat is no wer ynsteld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)