Boek mei country-artysten

19 des 2008 - 15:06

Popsjoernalist Harry de Jong fan It Hearrenfean komt begjin takom moanne mei in boek mei ynterviews mei bekende country-artysten. It giet dan ûnder oare om petearen mei Johnny Cash en Dolly Parton.

De Jong makke de ynterviews yn de ôfrûne tweintich jier en hat se yn de measte gefallen werskreaun foar it boek. It boek mei de namme 'De bezem door Nashville' wurdt yllustrearre troch fotograaf Henk Bleek út Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)