Sieben direkteur Staatsbos

19 des 2008 - 14:58

De 54-jierrige Herman Sieben út Swolle wurdt de nije regiodirekteur fan Staatsbosbeheer yn de trije noardlike provinsjes. Hy is de opfolger fan Eric Waanders, dy't in oare funksje krigen hat binnen Staatsbosbeheer. Sieben begjint healwei maart yn syn nije funksje. Hy wie ûnder oaren konsulint foar natuer- en miljeu-edukaasje yn Fryslân en lid fan de Waddenadvysried.

Herman Sieben is op dit stuit noch haad fan de ôfdieling soarch en kultuer by de provinsje Oerisel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)