Kreamsuite foar heiten

In kreamsuite yn de Tsjongerskâns
Heiten fan krekt berne poppen kinne fan freed ôf yn sikehûs De Tsjongerskâns bliuwe te sliepen. Op It_Hearrenfean binne twa saneamde kreamsuites ynrjochte.
Yn de suites stiet in ekstra bêd foar de heit en in kuolkast. It moat de nije âlders in thúsgefoel jaan. De Tsjongerskâns is it earste sikehûs yn it Noarden dêr´t dit kin.