Tal ferkearsdeaden stabyl

19 des 2008 - 14:27

Der binne dit jier sawat likefolle minsken omkommen yn it Fryske ferkear as ferline jier. Dat docht bliken út sifers dy't de plysje freed bekend makke. It tal ferkearsdeaden wie ferline jier 30, dit jier binne der oant no ta 31 minsken omkommen op de Fryske diken.

Dit jier is der wol mear stellen. Mear as 5000 fytsen en bromfytsen binne meinommen. Ek it stellen fan auto's gie omheech, hast 200 stiks binne troch dieven meinommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)