Jacht herten Skylge mei troch

19 des 2008 - 12:55

De jacht op de edelherten op Skylge mei trochgean. Dat hat de rjochter freed bepaald. In koart pleit, dat oanspand wie troch in ynwenner fan Formearum dy't woe dat de jacht stilset wurdt, is ôfwiisd.

Ofrûne moandei is in begjin makke mei it opspoaren en fangen fan de herten, mar oant no ta sûnder súkses. De troch it ryk oanstelde jager koe de measte herten net iens fine. Troch de jacht binne de bisten noch skouwer wurden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)