Doarpswachten wurde te djoer

© Omrop Fryslân
De ried fan Tytsjerksteradiel hat tongersdei besletten dat de doarpswachten yn de gemeente mei yngong fan 1 jannewaris 2010 ferdwine. Reden is dat it net út kin. Yn it ferfolch sil op ad-hoc basis personiel fan in befeiligingsbedriuw ynhierd wurde.
It saneamde tasichthâldersprojekt wurdt neist Tytsjerksteradiel stipe troch Dongeradiel, Dantumadiel, Kollumerlân, Achtkarspelen en Boarnsterhim.