Essent jout kompensaasjejild

© Omrop Fryslân
Sechtjin Fryske gemeenten krije mei-elkoar oardel miljoen euro fan enerzjybedriuw Essent. By dy gemeenten is ek Ljouwert. It jild is in kompensaasje foar de oandielen fan de eardere enerzjymaatskippij Edon.
Edon gie njoggen jier lyn op yn Essent, mar doe wie net dúdlik wat de krekte wearde wie fan de oandielen fan de gemeenten en provinsjes. Dat is no berekenne. Yn in tal oare provinsjes falt de kompensaasje flink heger út.