Kiosk pier Holwert mei bliuwe

© Omrop Fryslân
De kiosk yn de wachtromte op de pier fan Holwert mei bliuwe. It winkeltsje stiet der eins yllegaal, mar wurdt no legalisearre. Dat is tongersdei besluten yn de riedsgearkomste fan Dongeradiel.
Yn it bestimmingsplan is gjin winkelfunksje opnaam. Neffens in mearderheid fan de ried is de winkel allinnich bedoeld foar minsken dy't mei de boat reizgje en de iepeningstiden binne dêr ek op ôfstimd.