Fertsjinsten UEFA Cup te leech

19 des 2008 - 10:19

SC Hearrenfean fynt dat de fertsjinsten yn de UEFA Cup te leech binne. Neffens direkteur Yme Kuiper binne de ynkomsten út de UEFA Cup yn ferhâlding folle minder as út de Champions Leaugue. Dêr giet it om miljoenen euro's, wylst it yn de UEFA Cup om tonnen giet.

Kuiper hat it al oankaarte by it Europeesk fuotbalbûn en besjocht de mooglikheid om in belange-organisaasje op te rjochtsjen foar de ploegen dy't faak meidogge oan it UEFA Cup toernoai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)