Wike Stille nacht op ´e radio

Radio_Gaasterlân is dizze wike oan de gong mei in bysûndere maratonútstjoering. It iennichste nûmer dat in wike lang yn al harren programma´s draaid wurdt is it krystliet Stille nacht yn de meast útienrinnende útfierings.
De lokale omrop brûkt hjirfoar in kolleksje fan mear as 3700 ferskillende ferzjes, byinoar brocht troch in samler út Limburch. Tal fan gastpresintatoaren, lykas boargemasters, kundigje it nûmer oan.