Slim ûngelok yn Ljouwert

19 des 2008 - 09:39

Op de Willem_Loadewykstrjitte yn Ljouwert hat freedtemoarn in ûngelok plakfûn wêrby´t in 24 jierrige fytser út de haadstêd ferwûne rekke is.

Neffens tsjûgen moast de fytser útwike foar in auto. Dy waard bestjoerd troch in 36-jierrige stedgenoat. Troch dizze manoeuvre foel de fytser en kaam klem te lizzen ûnder de auto. De brânwacht en de traumahelikopter moasten der oan te pas komme. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)