Kust Flylân fersterke mei sân

© Omrop Fryslân
De kust fan Flylân wurdt de kommende moannen fersterke mei hast twa miljoen kuub sân. It wurk is ûnderdiel fan in lanlik programma fan Rykswettersteat om Nederlân te beskermjen tsjin de heger wurdende seespegel.
It grutste diel fan it sân wurdt stoart yn in geul oan de noardeastkant fan it eilân. In lytser part wurdt spuite op it strân by de jachthaven. Ofhinklik fan it waar kin it wurk ein april klear wêze.