Keamer wol ûndersyk akwadukt

18 des 2008 - 19:26

In mearderheid fan de Twadde Keamer fynt dat der in ûndersyk komme moat nei de foardielen fan in akwadukt ûnder de Skarster Rien yn de A6 troch. It foarstel foar dat ûndersyk kaam fan CDA-er Joop Atsma, yn gearwurking mei de ChristenUnie.

Plan is de besteande brêge yn de Skarster Rien oer twa jier te ferfangen troch in nije brêge. Neffens Atsma hat in akwadukt folle mear foardielen. Dy sille no ûndersocht wurde, lykas de ekstra kosten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)