JSF meast geskikte fleantúch

18 des 2008 - 16:00

Mocht de JSF nei Ljouwert komme, dan hoege der gjin huzen yn de omjouwing fan de fleanbasis ôfbrutsen te wurden. Dat seit steatssekretaris Jack de Vries fan definsje. Yn Ljouwert en omlizzende doarpen binne ynwenners benaud dat fanwege de lûdsoerlêst fan it nije tastel wenningen wike moatte.

Definsje presintearre tongersdei in stúdzje dêr't út bliken docht dat de JSF in better tastel is as oare gefjochtsstrieljagers. Mar oft de JSF nei Ljouwert komt, is noch net wis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)