Komt de JSF nei Ljouwert?

De F16 moat ferfongen wurde
Omwenners fan de fleanbasis Ljouwert wachtsje mei spanning op de fergeliking tusken de trije mooglike opfolgers fan de F16. Definsje komt dêr tongersdei mei nei bûten.
De grutste kânshawwer is de Joint Strike Fighter (JSF). De mooglike kar dêrfoar soarget foar in soad ûnrêst by omwenners fan de fleanbasis. De JSF soe folle mear leven ha as de F16. Dêrtroch moatte mooglik hûzen yn de omjouwing fan de basis sloopt wurde.