Boekebeam falt noch net om

© Omrop Fryslân
Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert hoecht foarearst net benaud te wêzen dat de boekebeam by it museum omfalt en troch de ruten brekt. By in saneamde trekproef die tongersdeitemoarn bliken dat de sechtich jier âlde beam noch ridlik sterk is. De kommende jierren sil er wol hieltyd minder wurde.
De direksje fan it museum makke him soargen oer de boekebeam, omdat er fan binnen ferrotte is. Boppedat is de beam by de stam ek oantaaste.