Arriva telt syn treinreizigers

Passazjiers wurde tenei teld
Yn de treinen fan Arriva komt spesjale apparatuer wêrmei't it tal reizgers teld wurdt. Arriva krijt foar it tal passazjiers jild út de pot mei de opbringsten út it iepenbier ferfier yn Nederlân. Op dit stuit wurde mei in statistyske metoade passazjiers op treinferbinings fan Arriva teld.
Direkteur Hettinga hat grutte twifels oft dy oantallen wol klopje. Hy wol it krekte tal reizgers witte. Yn de treinen komme ynkoarten by de doarren digitale mjitapparaatsjes.