Wurkleazens rint noch werom

Drokte by CWI falt noch ta
De resesje is noch net te fernimmen yn de wurkleazenssifers. Dat seit it Centrum voor Werk en Inkomen yn it Noarden. It tal wurksykjenden wie ein novimber mei 13% ôfnaam, yn fergelyk mei deselde perioade ferline jier. Lanlik rûn it tal minsken sûnder wurk mei hast 12% werom. It Noarden docht it dus better as it lanlik gemiddelde. Dy trend duorret al langer as in jier.
Fan de trije noardlike provinsjes naam de wurkleazens yn Fryslân de ôfrûne moanne it measte ôf.