Ferlies Hajé Flyers yn Grins

17 des 2008 - 23:01

De Hajé Flyers ha woansdeitejûn mei 4-3 ferlern yn en fan Grins. Foar de Pecoma Grizzlies wie it de earste winst yn de kompetysje, foar de Flyers it twadde ferlies. De perioadestannen: 1-1, 1-1 en 2-1.

Der waard yn Grins troch beide ploegen net goed spile. It wie wurkiishockey mei in protte flaters. Josh Reber, Erik Landman en Jamie Visser wiene de Feanster doelpuntemakkers. Michael Mason koe foar de Flyers net in 'shot break' - in pennel - fersulverje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)