Polderhoofdkanaal net opjûn

17 des 2008 - 22:58
  • It Polderhoofdkanaal simmerdeis

In mearderheid fan de gemeenteried fan Smellingerlân wol it weriepenjen fan it Polderhoofdkanaal tusken De Feanhoop en Nij Beets noch net hielendal opjaan. PvdA en CDA fine it in stap te fier om no de stekker der út te lûken.

Dêrmei folgje se it foarstel fan wethâlder Cees Kuipers om mooglik earst nei de simmerfakânsje dúdlikheid te jaan. Eltse wike dat der net wurke wurdt oan it kanaal kostet de belutsen oerheden tusken de 2500 en 3000 euro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)