Gjin needhelp foar asylsikers

© Omrop Fryslân
De provinsje jout gjin needhelp oan asylsikers. In mearderheid yn Provinsjale Steaten woe dy help wol jaan, mar koe it net iens wurde oer de finansiering.
In foarstel fan Grien Links, om 40.000 euro oan de stifting Respons te jaan foar de needhelp, waard net stipe troch de PvdA. It CDA en de VVD wienen al tsjin, sy fine dat de needhelp oan asylsikers gjin taak fan de provinsje is. sadat it hiele foarstel fersmiten waard.