PvdA-kommisje siket deputearre

17 des 2008 - 15:59

Begjin febrewaris moat dúdlik wêze wa't deputearre Anita Andriesen opfolgje sil. In kommisje, besteande út steatefraksjefoarsitter Bert Versteeg, gewestlik PvdA-foarsitter Bertus Mulder en deputearre Jannewietske de Vries, sil him bûge oer de tuskentiidske opfolging.

Der hawwe har oant no ta gjin kandidaten foar de funksje melden, sa seit Mulder. It is noch net dúdlik oft der earst ek yntern nei in nije deputearre socht wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)