Talant: spul mei lulke âlden

17 des 2008 - 12:15

Soarchynstelling Talant hat besletten om net mear mei in groep ferûntrêste âlden te praten. De âlden binne tiisdei opstapt by in petear mei Talant. De partijen ha al mear as in jier oerlis oer mooglike misstannen yn de soarch foar de bern fan 'e âlden, mar nei tiisdei is dat oer.

Talant wol tenei allinnich prate mei de Verwantenraad, it oerlisorgaan foar famylje fan bewenners. It gie de ferûntrêste alden allinnich om persoanlike belangen, sa mient Talant.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)