Slûs Starum dochs ferdûbele

17 des 2008 - 11:57

De tariedings foar de ferdûbeling fan de slûs yn Starum wurde wer oppakt. It proses hat in skoft stillein fanwege de mear as ferdûbele projektkosten.

Der wurdt socht nei in oplossing om de begrutting fan 29 miljoen rûn te krijen. De útwreiding fan 'e slûs is ûnderdiel fan fase twa fan it Fryske Marreprojekt. By de slûs rinne de wachttiden op drokke dagen op oant 2 oant 3 oeren. Omdat Starum in wichtige ynfalspoarte is, wolle Provinsjale Steaten in 'snelle oplossing'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)