Wymbrits rûn grutte risiko's

De gemeente Wymbritseradiel hie net genôch kwaliteit yn hûs foar de útfiering fan it Fryske Marreprojekt. De gemeente hat dêrtroch grutte risiko's rûn. Dat is de konklúzje fan in ûndersyk dat de gemeentelike rekkenkeamerkommisje útfierd hat op fersyk fan de gemeenteried.
Neffens de rekkenkeamer hie it net folle skeeld of Wymbritseradiel hie him oan it projekt fertild. Neffens foarsitter Van Rijn wie der te min omtinken foar de effisjinsje.