Súkses foar Vroeg op Stapaksje

© Omrop Fryslân
De aksje Vroeg op Stap fan Hannie Gorter en Myriam Loonen út Sigerswâld hat súkses helle yn West-Fryslân. De gemeenteried fan it Noardhollânske Hoorn is tiisdei akkoart gien mei in foarstel om nei tolve oere nachts gjin minsken mear yn kroegen ta te litten.
De ried fan Schagen hat tiisdei itselde besletten. Dit om wat te dwaan oan it tanimmend alkoholgebrûk troch jongerein. De twa Friezinnen hoopje dat no ek Fryske gemeenten in fergelykber beslút nimme sille.