SC Hearrenfean yn fleantúch

16 des 2008 - 16:09

De spilers fan SC Hearrenfean setten tiisdei om 16.30 fan Skiphol ôf op it fleantúch nei Ingelân. It wie de bedoeling earder al fan Eelde ôf te fleanen, mar troch tichte mist koe dat net. Supporters fan de klub stiene al wol yn Eelde, mar koene dêr net wei.

De spilers ha yn it Abe Lenstra stadion wachte oant dúdlik wie op wat foar wize se nei Ingelân gean soene. Hearrenfean spilet moarn de lêste wedstryd yn de pûlfaze fan it UEFA Cup toernoai tsjin Portsmouth.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)