T'diel: gearwurking

16 des 2008 - 15:43

Tytsjerksteradiel siket gemeentelike gearwurking mei Achtkarspelen. It kommende healjier sil ûndersocht wurde hoe't dat der útsjen moat. Der wurdt benammen tocht oan it ûnderhâld fan diken en de ynkeap fan tsjinsten.

De kar foar Achtkarspelen is in ferrassing, omdat tocht waard dat de gemeente gearwurking sykje soe mei Smellingerlân. In fúzje wurdt net útsletten, mar is noch net oan de oarder. Op 13 jannewaris praat de gemeenteried oer de plannen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)