Firus yn fersoargingshûs

16 des 2008 - 15:13

18 minsken yn fersoargingstehûs Berchhiem yn Burgum hawwe it noro-firus oprûn. It firus is in agressieve foarm fan bûkgryp en is aktyf op twa ôfdielings fan it fersoargingshûs. Benammen foar âlderein is de sykte gefaarlik troch de kâns op útdroeging. Fjouwer minsken binne noch altyd siik.

De twa ôfdielings binne op it stuit ôfsletten. It personiel rint om mei mûlekapkes en wanten. Sa hopet Berchhiem fierdere besmettings foar te kommen. Alle pasjinten wurde behannele.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)