SRV-wein út sleat teakele

16 des 2008 - 14:10

De SRV-wein dy't sneon yn de sleat bedarre by Ealsum is tiisdei lang om let dochs wer út de sleat helle. Dat wie in hele klus om't der gjin swiere weinen oer de smelle dykjes by Ealsum koene om't de bermen te sompich binne.

Mar de wein en syn ynhâld wiene net mear te rêden. Molkboer Zwaagstra hat in oare wein yn bestelling. Hy hopet dy tongersdei wer te krijen sadat hy freed wer sutelje kin.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)