Kljestan yn belangstelling

16 des 2008 - 13:08

Sportclub Hearrenfean hat belangstelling foar de Amerikaanske middenfjilder Sacha Kljestan. Dat melde ferskate media yn Skotlân en de VS.

Kljestan spilet op it stuit foar Chivas USA en docht it dêr goed. Hy is de oanfierder en spile it ôfrûne seizoen 22 wedstriden, weryn hy 5 kear skoarde. Neist Hearrenfean soene ek FC Twente, Celtic. AS Monaco, Schalke '04 en Zenit Sint-Petersburg de spiler oernimme wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)