Utfeartsintrum Frjentsjer slút

16 des 2008 - 12:19

Frjentsjer moat it yn de takomst dwaan sûnder in eigen útfeartsintrum. De aula mei opbierromtes oan de Harnzerwei is troch útfeartorganisaasje Yarden te keap set. Neffens Yarden wurdt it Novaal te min brûkt. It hat der foaral mei te krijen dat yn Frjentsjer in protte minsken thús opbierd wurde.

Ek lizze de stjertesifers leger as ferwachte. It gebou is tsien jier lyn troch de pleatslike begraffenisferiening boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)