Buis Heerenveens Kanaal makke

© Omrop Fryslân
In stikkene buis yn it Heerenveens Kanaal wurdt woansdei makke. De buis gie ferline wike stikken doe't in baggerskip in mearpeal troch de buis hinne drukte. Dêrtroch streamde it wetter de bedriuwsterreinen op. It gat is doe provisoarysk ticht makke.
In spesjalisearre bedriuw út Zoetermeer soarget foar de definitive reparaasje mei in keunststof kous fuld mei hars. De kous wurdt de buis yndrukt, wêrnei't de hars ferwaarme wurdt. Sa ûntstiet in nije buis.