Keunstiis op 't Diep yn Sleat

16 des 2008 - 11:37

Fan tongersdei ôf leit der in moanne lang keunstiis op de stêdsgrêft 't Diep yn Sleat. Dat gebeurt yn it ramt fan it hûndertjierrich bestean fan de Vereniging Friesche Elf Steden en de foarstelling 'de alvestêdetocht' fan Tryater. Dy foarstelling spilet him foar in part ôf yn Sleat, op en om it iis.

Tryater brûkt de baan foar de jubileumfoarstelling. Op dagen dat der gjin teatertocht is, kin it oare publyk op de baan ride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)