Undernimmers Heech soarchlik

16 des 2008 - 10:44

De ûndernimmers yn Heech binne net bliid mei it ôfsluten fan de nije Rânewei. De rûnwei om it doarp is sletten omt de brêge oer de Weisleat stikken is. Dat betsjut dat it ferkear wer troch it sintrum moat. Benammen yn de Harinxmastrjitte komt it dêrtroch by drokte al gau stil te stean. De Rânewei is der krekt kommen om dy problemen op te lossen.

De ûndernimmers meitsje harren dêr bot soargen oer fanwege de ferwachte drokte mei de kryst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)