Man ferwûne troch oanriding
By in oanriding op de Goeman Borgesiuslaan yn Snits is moandei in man (73) út dy stêd ferwûne rekke. In autobestjoerster soe de dyk opride, mar seach de man op de fyts oer de holle en botste tsjin him op.
De man rekke ferwûne oan 'e holle en in skonk en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.