Drokte op byienkomst oer brân

15 des 2008 - 22:39

Goed 120 minsken kamen moandei ôf op de spesjale ynformaasjebyienkomst oer de grutte brân fan sneintenacht yn Warkum. By dy brân kamen twa famkes, fan 7 en 9 jier âld, om it libben. De brân en de gefolgen derfan rôpen in soad emoasjes op, benammen by de direkte omwenjenden fan de brân.

Op de byienkomst koene se ûnder oaren prate mei de brânwacht, de plysje en slachtofferhelp. De tsjerken hawwe oankundige kommende freed in spesjale betinking hâlde te wollen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)