Jong Hearrenfean bekert troch

15 des 2008 - 21:46

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn troch in 2-2 lykspul yn de útwedstriid tsjin jong Vitesse de folgjende bekerronde helle.

Yn in echte iepen bekerwedstriid moast de thúsploech beslist winne. By it skoft wie it 1-0 foar Vitesse troch in doelpunt fan Snijders. Luciano Narsingh makke yn de 54ste minút de lykmakker. Daliks dêrnei de 2-1 troch Onur Kaya. Yn de 62ste minút kaam de fertsjinne lykmakker út in moaie frije traap fan Reza Ghoochannejhad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)